Gearwurking ynnovaasjehûs Lauwersdelta mei TechnologySintrum

© Omrop Fryslân
Ynnovaasjehûs Lauwersdelta yn Bûtenpost en it TechnologySintrum Noard-Nederlân sille gearwurkje om de ekonomy yn Noard-Nederlân te stimulearjen. Neffens de beide organisaasjes folje se mekoar oan op it mêd fan organisaasje en it dielen fan kennis.
It ynnovaasjehûs is spesjalisearre yn start-ups, wylst it TechnologySintrum in soad wurket mei it midden- en lytsbedriuw. Tegearre wolle se benammen ynsette op ynnovaasje fan it bedriuwslibben om sa de wurkgelegenheid te ferbetterjen.