Ljouwerter skopt dûk yn bedriuwsauto
In 39-jierrige Ljouwerter is tongersdeitemiddei oanhâlden foar fernieling fan de auto fan in 49-jierrige man út De Harkema. Dy hie syn bedriuwsauto parkeard op de Aldehoustertsjerkhôf. In tsjûge seach dat de Ljouwerter in dûk yn de auto skopte en dêrnei útnaaide yn syn auto.
De tsjûge joech it kenteken troch oan de plysje. Dy koe de Ljouwerter dernei oanhâlde. Hy hat proses-ferbaal krigen en moat de skea oan de bedriuwsauto fergoedzje.