Snitser stekt middelfinger op nei plysjeminsken

10 apr 2015 - 10:31

In 59-jierrige Snitser is tongersdeitejûn oanhâlden om't er de middelfinger opstuts nei de plysje. De man rûn op de Lemmerwei yn syn wenplak, dêr't de plysjeminsken oan it wurk wienen.

De man is nei syn died oppakt foar mislediging en nei it plysjeburo brocht. Dêr hat er in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)