Iselmar eastlik fan farrûte ôfsletten om bou wynmûnepark

10 apr 2015 - 10:12

Fanwege de bou fan it wynmûnepark Westermeerwind yn de Iselmar by de Noardeastpolder is it diel fan de Iselmar eastlik fan de farrûte fan Urk nei De Lemmer tydlik ôfsletten. It giet om it stik by de Rotterdamse Hoek. De ôfsluting duorret oant de ein fan dit jier.

De ôfsluting is mei betonning oanjûn. Fabrikant Siemens set op dit plak 48 wynmûnen del dy't yn it wetter komme te stean, tusken de 500 en 1000 meter fan de kant ôf. Begjin 2016 moat it wurk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)