Fytsedieven opppakt yn Ljouwert

Fytsestalling © Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat tongersdei ferskate fytsedieven oanhâlden mei help fan de lokfyts. Twa jonges fan 16 en 17 jier binne oanhâlden op de Papaverstrjitte wylst se op de lokfyts rieden. Letter waard in 38-jierrige fytsedief oanhâlden. De lokfyts stie by de man yn syn tún oan de Jolstrjitte.
By in ûndersyk nei in tredde gefal fan stellerij waard in 51-jierrige man net goed. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.