Brân op souder yn wenning Alette Jacobsstrjitte Ljouwert

De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle © Alle Faber - Omrop Fryslân
Op de souder fan in wenning oan de Alettea Jacobsstrjitte hat tongersdeitejûn brân west. Der waard opskaald nei middelbrân, omdat der noch minsken yn it hûs oanwêzich wiene, mar die koene der op tiid útkomme. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle, mar hat ek noch in ynspeksje dien by de buorlju om te sjen oft de brân him ek fierder ferspraat hie. Dat wie net it gefal. Der is ek noch in koalmonoksidemjitting dien en fierder is de wenning fentilearre.