Ferkeap fan speed e-bikes mei snelheid fan 45 km populêr

De ferkeap fan snorfytsen sit yn de lift, sa litte de sifers oer it earste fearnsjier fan 2015 sjen. Dat komt mei troch de ferkeap fan speed e-bikes. Dat binne elektryske fytsen dy't 45 kilometer yn 'e oere helje kinne. It is in nije kategory elektryske fytsen. Wetlik wurde se sjoen as snorfytsen. Dat feroaret fan 2017 ôf. Dan wurde de speed e-bikes, dy't ek wol' speed pedelecs' neamd wurde, sjoen as bromfytsen.
By Meindert Fietsspecialist fernimme se ek dat de speed e-bikes hieltiid populêrder wurde. De ferwachting is dat der yn de kommende tiid noch mear fan dizze fytsen ferkocht wurde, om't it moaier waar wurdt en mear minsken de fyts pakke.