Duorsume Dates mei tal fan ideeën foar duorsum ite

Foar de twadde kear is tongersdei yn it Provinsjehûs it evenemint Duorsume Dates organisearre. By it netwurkevenemint kinne inisjatyfnimmers harren duorsume ideeën op it mêd fan iten presintearje. Ynvestearders en oare inisjatyfnimmers kinne elkoar dan fierder ynspirearje en fan elkoar leare. It evenemint is in idee fan de provinsje yn gearwurking mei it Ynstitút foar Natueredukaasje.