Auto botst op frachtwein op Ofslútdyk

It ûngelok mei in persoane-auto en frachtwein op de Ofslútdyk © Jaring Rispens - JRF producties
Op de Ofslútdyk ter hichte fan Breesândyk is tongersdei oan de ein fan de middei in persoane-auto op in frachtwein botst. De frachtwein stie yn de rjochting fan Fryslân te wachtsjen yn de file foar de brêge. De brânwacht moast der oan te pas komme om de doar fan de persoane-auto derút te heljen. De bestjoerster fan de auto siet net beknypt. Troch it ûngelok ûntstie der noch mear fertraging foar it ferkear.