Ekstra maatregels nedich tsjin skea sâltwinning

Omdat de boaiemdelgong troch sâltwinning yn Noardwest-Fryslân slimmer is as berekkene, moatte der ekstra maatregels komme om de skea te ferhelpen. De boaiem by sâltwinputten giet tusken de 0 en 5 sintimeter mear omleech as tocht. De ekstra maatregels dy't de gebietskommisje tongersdei bekend makke yn doarpshûs It Waed yn Seisbierrum binne it oanlizzen fan 10 bunder wetterberging en 340 bunder drainaazje.
Foar brêgen, kaden en gemalen hat de ekstra boaiemdelgong foarearst gjin effekt.
Rinze Post fan doarpsbelang Winaam is kritysk oer de foarstelde ekstra maatregels. Hy tinkt dat dy net foldwaande wêze sille.