Ien minút stilte yn Appelskea foar slachtoffers ûngelok

R.Koene © Compact Media
Utgeanspublyk yn Appelskea sil sneontenacht ien minút stil wêze foar de slachtoffers fan it ûngelok by Wateren yn it peaskewykein. De minút stilte is in inisjatyf fan de eigener fan Harry's Bar. De wurknimmers fan de kroech wolle sa har meilibjen toane. By it ûngelok kamen twa jonges fan 18 út Appelskea en Smilde om it libben.
In famke fan 17 en in man fan 20 rekken swier ferwûne. De auto fan de fjouwer botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam.