Lytse oarlochsbetinking yn Ealsum

09 apr 2015 - 15:07

Nije wike is it 70 jier lyn dat Fryslân befrijd waard. De earste betinking wie tongersdei yn Ealsum by Dokkum. Piet Veeninga wie der by doe't hjir op dit fjild 70 jier lyn wapens dropt waarden foar it ferset. Ealsum wie as droppingsplak troch Ingelske spionnen útsocht, omdat it fanút de loft goed te finen wie. De wapens waarden yn de lêste wiken fan de oarloch brûkt troch it ferset.

Foar it earst yn 70 jier kaam tongersdei opnij in parasjutist del yn it fjild by Ealsum, in bysûnder momint foar alle oanwêzigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)