FrieslandCampina ynvestearret yn tsiisfabryk Wolvegea

09 apr 2015 - 14:37

FrieslandCampina Cheese ynvestearret de kommende tiid 19 miljoen euro yn de tsiisferpakkingsfabriken fan Wolvegea en Leerdam. Dit is in gefolch fan it beslút om yn 2016 fabryk Den Hollander Food yn Lochem te sluten. Dêrby falle 139 ûntslaggen. Yn Wolvegea en Leerdam komme der njoggen wurkplakken foar werom.

Neffens it bedriuw kin yn Lochem net goed ynspile wurde op nije manieren om de tsiis te ferpakken. De fabriken yn Wolvegea en Leerdam wurde hjir de kommende tiid foar oanpast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)