Kamp set wynmûneplan yn Iselmar troch

09 apr 2015 - 14:30

Minister Henk Kamp fan ekonomyske saken set syn plan om wynmûnen yn de Iselmar te pleatsen troch. Hy giet dêrmei yn tsjin de winsk fan de provinsje om de wynmûnen lâns de Ofslútdyk del te setten. Kamp wol net langer wachtsje op nije ûndersiken. Hy ferwachtet yn dat gefal twa jier fetraging. De minister sei dat tongersdei yn de Twadde Keamer.

De minister krige noch wol it fersyk fan CDA, SP en PvdA om it ûndersyk fan de gemeente Súdwest-Fryslân nei pleatsing op de Ofslútdyk ôf te wachtsjen, mar Kamp wiisde dat fan 'e hân.

"Friesland heeft al twee keer uitstel gekregen. Verder uitstel gaat mijn incasseringsvermogen te boven. Ik zie geen heil in langer wachten", ferklearre de VVD-minister yn de Twadde Keamer. Fryslân moat yn 2020 530 megawatt oan wynenerzjy leverje kinne, sa hawwe kabinet en de provinsje Fryslân earder ôfpraat. Kamp sei der by dat Fryslân sels mei de suggesje kaam wie foar de wynlokaasje yn de Iselmar.

De gemeente Súdwest-Fryslân hat him hurd makke foar wynmûnen lâns de Ofslútdyk en is swier teloarsteld oer it beslút fan Kamp. De gemeente hie de minister frege te wachtsjen op de útkomsten fan in eigen ûndersyk. Wethâlder Gea Akkerman is swier teloarsteld. Sy wol de útkomsten fan it ûndersyk no oan de Twadde Keamer oerbiede. De wethâlder hopet no dat de Twadde Keamer mei moasjes komt om minister Kamp sa op oare gedachten te bringen.

Trefwurden: 
Iselmar wynmûnen Henk Kamp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)