Koerier makket plysje attint op djoere drugspakketten

09 apr 2015 - 11:02
  • Ketamine

Koeriersbedriuw UPS yn Drachten hat de plysje op it spoar set fan drugspakketten mei in wearde fan hûnderttûzenen euro's. It giet om tsientallen kilo's ketamine en softdrugs. Ketamine is in narkoazemiddel, dat brûkt wurdt as partydrug. De trije pakketten drugs waarden by it koeriersbedriuw oanbean foar transport. Meiwurkers fertrouden de saak net makken ien fan de pakketten iepen.

De plysje waard warskôge. Dy naam it guod yn beslach. De drugs binne ferneatige. De plysje docht no ûndersyk nei de eigener fan de pakketten.

Skriftlike reaksje UPS: UPS can confirm that a shipment containing prohibited drugs was found at our package centre in Drachten, the Netherlands, at 7:00pm on March 11 of this year. UPS contacted local police and the shipment was confiscated. We understand from local police that this investigation has been closed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)