Fryske huzeferkeap yn de lift, seit de NVM

Jild © Omrop Fryslân
De huzeferkeap fan it ôfrûne fearnsjier wie it bêste sûnt it begjin fan de krisis. Dat seit makelersferiening NVM-Fryslân. De ôfrûne trije moanne waarden 16 persint mear huzen ferkocht as yn deselde perioade fan 2014. De priis fan in hûs giet mar in bytsje omheech.
Der binne wol regionale ferskillen yn Fryslân. De regio Drachten en omkriten docht it op it stuit it bêste, mei in tredde part mear ferkeapen yn fergeliking mei 2014. Yn it suden fan Fryslân waarden krekt wat minder huzen ferkocht as ferline jier yn deselde perioade.