Iepenloftspul Burgum spilet yn 2016 yn it akwadukt

09 apr 2015 - 10:14
  • De oanlis fan it nije akwadukt by Burgum
  • Foar alle meiwurkers wie der kofje en gebak

It iepenloftspul Burgum sil yn 2016 in foarstelling spylje yn it It Hindrik Bulthuisakwadukt yn Burgum. Oan dit akwadukt wurdt no noch wurke. Tongersdei is it djipste punt fan de bouput berikt. It is foar it earst yn 55 jier dat it iepenloftspul net op it eigen plak achter De Pleats spile wurdt. It is neffens it bestjoer fan it iepenloftspul in unike kâns om yn it akwadukt spylje te kinnen.

It iepenloftspul wurket hjirfoar gear mei teatermakkers BUOG út Ljouwert. Dy hawwe ûnderfining mei toaniel op bysûndere lokaasjes.

It berikken fan it djipste punt fan it akwadukt by Burgum wie tongersdei reden foar provinsje, Rykswettersteat en de gemeente Tytsjerksteradiel om in lyts feestje te hâlden. It wurk ferrint neffens skema en dat moat fierd wurde, fine de belutsen partijen. Minsken dy't nijsgjirrich binne nei it akwadukt kinne fan tongersdei ôf delkomme om de wurksumheden te besjen fan in spesjaal útsjochpunt. Omdat dit útsjochpunt op it bouterrien stiet, moate besikers harren earst melde by it ynformaasjesintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)