Drachtster stekt buorman mei stikkene flesse

09 apr 2015 - 10:08

De plysje hat woansdeitenacht op it Suderhiem in Drachtster (67) oanhâlden fanwege it stekken fan in buorman (45) mei in stikken sleine flesse. It slachtoffer rekke hjirtroch ferwûne en waard mei de ambulânse oerbrocht nei sikehûs Nij Smellinghe.

Ek de fertochte rekke ferwûne, doe't er by syn oanhâlding kaam te fallen. De man is nei behannelintg troch in dokter foar neier ûndersyk ynsletten op it plysjeburo. De oanlieding foar it stekynsidint wie spul tusken buorlju. De plysje sil de saak noch neier ûndersykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)