Lutz Jacobi achter PvdA-manifest 'Met vertrouwen linksom'

09 apr 2015 - 09:46

Twa krityske PvdA-ers hawwe in manifest opsteld, dêr't yn oproppen wurdt ta in linksere koers. It manifest 'Met vertrouwen linksom' wurdt sneon ynbrocht op de partijried. It manifest wurdt stipe troch de keamerleden Lutz Jacobi en Mei Li Vos. Lutz Jacobi hat advisearre by it opstellen fan it manifest en stiet der ek achter, sa lit se witte.

Yn de PvdA is it bot ûnrêstich troch it grutte ferlies by de steateferkiezings fan maart. De partijlieding wol noch net reagearje op it manifest, mar earst de diskusje fan sneon ôfwachtsje.

De skriuwers fan it manifest sizze dat it fertrouwen fan de kiezer skeind is trochdat der pleite waard foar in oare polityk, mar op it momint dat de ferkiezings foarby wiene der dochs wer keazen waard foar de 'âlde polityk': Soms moeten er harde noten gekraakt worden over verkeerde keuzes. Die tijd is nu gekomen. De coalitie met de VVD is te onvoldragen tot stand gekomen, met een regeerdakkoord waarin teveel zaken zijn ingeruild en compromissen onvoldoende te beargumenteren bleken.

We zijn niet uit op een kabinetsbreuk of een wisseling van leiderschap, sizze de skriuwers, mar der moat in fûnemintele feroaring komme yn it belied sa't dat útfierd wurdt. It stimpel fan it PvdA-ideaal moat dúdliker en sterker nei foaren brocht wurde. Koartsein, de PvdA moat wer in werkenbere sosjaal demokratyske partij wurde, werom nei de begjinsels en knokke foar de minsken dêr't de partij foar oprjochte is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)