Petysje tsjin hegere tariven swimbad De Lemmer

09 apr 2015 - 08:25

Ynwenners fan De Lemmer binne in petysje begûn tsjin de hegere tariven fan it swimbad op 'e Lemmer. Neffens de inisjatyfnimmers giet mei de hegere tariven it maatskiplik doel fan it swimbad ferlern, om't guon minsken it swimmen net langer betelje kinne. De petysje is al mear as 300 kear ûndertekene.

It swimbad krige ferline jier in nije eigener. Dy seit dat de hegere prizen wol nedich binne om't de tariven earst te leech wiene om de eksploitaasje rûn te krijen.

In kommisje fan gemeente De Fryske Marren praat tongersdeitejûn oer de swimbadkwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)