Advys Ried foar Kultuer goed foar Lwd2018

08 apr 2015 - 22:29

It advys fan de Ried foar Kultuer dat woansdei nei bûten kommen is, is posityf foar Ljouwert Kulturele Haadstêd. Dat seit Andrea Möller, adviseur by de Ried foar Kultuer. Se hat meiwurke oan it advys en is ek al jierren belutsen by Lwd2018. Sa stiet yn it advys dat der mear jild komme moat foar festivals. Yn it ramt fan Lwd2018 binne der in soad festivals.

Ek wurdt Lwd2018 in pear kear spesifyk neamd yn it stik. Sa soe Lwd2018 in moaie kâns wêze foar hiel kultureel Nederlân om harren ynternasjonaal te presintearjen.

Yn it stik stiet ek dat it inisjatyf fan it Ryk ferskowe moat nei de regio. De ried fynt dat it Ryk by it ferdielen fan it jild rekken hâlde moat mei de kultuerplannen yn de regio's, lykas Lwd2018. It advys wurdt oanbean oan minister fan Kultuer Jet Bussemaker. Se nimt it mei by it meitsjen fan it nije belied fan 2017-2020.

Trefwurden: 
Ried foar kultuer Lwd2018
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)