'Set plan wynmûnepark Iselmar noch net troch'

Wynturbinepark op see © ANP
It gemeentebesjoer fan Súdwest-Fryslân en de PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer freegje minister Henk Kamp tongersdei om noch net troch te setten mei it wynmûnepark yn de Iselmar. Se wolle dat de minister it ûndersyk fan de gemeente nei wynmûnen by de Ofslútdyk lâns ôfwachtet. Dit ûndersyk is binnen twa wike klear.
Ferline wike waard bekend dat minister Kamp gjin wynmûnen by de Ofslútdyk hawwe wol. Yn de Twadde Keamer is tongersdei in debat oer enerzjy. Hjir wurdt ek praat oer de wynmûnen.