Nei 2017 gjin âldereinsoarch mear yn Nij Bethanië

Ferpleechhûs Nij Bethanië yn Tsjummearum giet wierskynlik yn 2017 ticht. De wenplakken foar minksen mei in hege soarchfraach sille op termyn net mear bestean. Reden is de nije wetjouwing yn de soarch wêrtroch minsken hieltyd langer thús wenjen bliuwe en dêr soarch krije.
It personiel en de bewenners binne bot oandien troch it nijs dat se woansdeitemiddei te hearren krigen hawwe.