Piet Adema foarsitter fan skjinmakkers en glêzewaskers

08 apr 2015 - 17:15

Ald-deputearre fan Fryslân Piet Adema wurdt de nije foarsitter fan de OSB. Dat is it algemien bestjoer fan de brânzje-organisaasje fan de himmel- en glêzewaskerbedriuwen. Adema is op dit stuit noch waarnimmend boargemaster fan de Drintske gemeente Borger-Odoorn. Op 18 july sil er op de algemiene ledegearkomste oan de leden fan de OSB presintearre wurde.

Adema is entûsjast oer syn nije funksje. Neffens Adema wurdt it wurk fan de skjinmakkers, en de wearde dy't dat hat foar de maatskippij, faak ûnderskat.

Adema is ek partijfoarsitter fan de ChristenUnie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)