Advys: Boalsert kin mear toeristen lûke

Boalsert kin folle mear toeristen lûke, mar dan moat de stêd oan de slach. Dan moatte Boalserter pronkjes as it stêdhûs, Titus Brandsma, de binnenstêd, mar ek de skiednis fan bygelyks de molke bekender wurde by it grutte publyk. Bygelyks troch in goeie website. Ek moat de stêd, wat aktiviteiten en kultuer oanbelanget, him oanslute by Kulturele Haadstêd 2018.
Dit stiet yn it rapport 'Bolsward 2018' fan ûndersiker Klaas Toering. Wethâlder Offinga hat it woansdei krigen en is der tige wiis mei.
De gemeente Súdwest-Fryslân hat der wol jild foar oer om Boalsert te ûntwikkeljen, mar de Boalserters moatte de plannen sels fierder útwurkje, sa fynt Offinga.