Skoalle foar heechbegaafde bern yn Techum

08 apr 2015 - 15:27

Der komt in skoalle foar heechbegaafde bern yn Ljouwert. Op 1 augustus sil de skoalle de doarren iepenje. It wurdt in ôfdieling fan CBS Klaverblad, in skoalle yn de Ljouwerter wyk Techum. Der is foar dizze lokaasje keazen omdat dy út hiel Fryslân goed te berikken is. Foardiel is ek dat op de skoalle net allinnich heechbejeftige bern sitte en mar ek oare bern. De dosinten dy't de bern lesjaan sille, krije in spesjale oplieding.

Ek wurdt gearwurking socht mei it foarset ûnderwiis en de hegeskoallen yn Ljouwert.

Der binne yn Fryslân 57.000 basisskoallelearlingen. Sa'n tûzen learlingen binne útsûnderlik yntelligent. In part fan dizze bern fynt yn it gewoane basisûnderwiis net genôch útdaging, wêrtroch it op skoalle net goed mei harren giet.

Trefwurden: 
skoalle Techum heechbegaafd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)