Ljouwert hat earste LNG-tankstasjon fan it Noarden

LNG tanke kin no ek yn Ljouwert © ANP
Yn Ljouwert wurdt woansdei op de Morsewei it earste LNG-stasjon fan Noard-Nederlân iepene. By it stasjon kinne frachtweinen dy't LNG as brânstof brûke tanke. Dizze weinen binne folle miljeufreonliker. De gemeente Ljouwert en de provinsje stypje it gebrûk fan dizze brânstof om sa te befoarderjen dat de luchtkwaliteit ferbetteret.
It stasjon is der kaam omdat FrieslandCampina en har transporteurs oerstapt binne op LNG as brânstof foar de frachtweinen. Boargemaster Crone sil woansdei symboalysk as earste LNG tanke.
LNG is de ôfkoarting foar Liquified Natural Gas. De brânstof is de lêste tiid yn opkomst.