Biskop De Korte mist 'sosjaal omtinken' by it CDA

08 apr 2015 - 14:59

Biskop Gerard de Korte fan bisdom Grins-Ljouwert sjocht by it CDA te min sosjaal omtinken. Neffens de biskop wurdt yn Fryslân in soad praat oer it ferleegjen fan provinsjale opsinten op de motorreaubelesting, mar is der te min oandacht foar de sosjale ûnderklasse.

Foarsitter Bert Kuiper fan CDA-Fryslân seit dat der mei ferskate aktiviteiten fan syn partij genôch oandacht is foar it ûnderwerp earmoede. Kuiper wol meikoarten mei biskop De Korte om tafel.

Yn radioprogramma Weistra op wei leit biskop De Korte út wêrom't er sa kritysk is oer de koers fan it CDA. Biskop De Korte hâldt him út namme fan de Nederlânske biskoppen dwaande mei it tema earmoede.

Trefwurden: 
CDA biskop Gerard de Korte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)