Rydbaan ôfsletten troch botsing rotonde De Jouwer

08 apr 2015 - 08:50

Op de A7 tusken Snits en De Jouwer binne woansdeitemoarn trije auto's by de rotonde opinoar botst. Ien fan de bestjoerders is ferwûne rekke en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De plysje hat ien rydbaan ôfsletten foar berging en ûndersyk.

Trefwurden: 
ûngelok A7 De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)