Fryske gemeenten nimme moasje oan oer winning grûnstoffen

De Feriening Fryske Gemeenten hat tiisdeitejûn in moasje oannaam oer de risiko's fan de winning fan grûnstoffen. Deryn wurdt minister Kamp frege om skea foar te kommen en risiko's yn kaart te bringen. De gemeenten wolle op dizze wize senario's sa as de problemen mei de gaswinning yn Grinslân foarkomme. It probleem mei de winning fan grûnstoffen spilet de kommende 20 oant 30 jier noch.
Yn de moasje stiet ek dat in part fan de opbringsten apart set wurde moat om eventuele skea dy't feroarsake wurdt foar te kommen of te beteljen.
De moasje komt fan wethâlder Albert van der Ploeg fan de gemeente Dongeradiel. Op de algemiene ledefergadering fan de Feriening Fryske Gemeenten stimden hast alle gemeenten mei de moasje yn.