Theun de Vriesgenootschap krijt bysûnder skilderij

07 apr 2015 - 19:30

In bysûnder geskink foar it Theun de Vriesgenootschap yn Feanwâlden. It hat it skilderij "De vrijheid gaat in rood gekleed" krigen. Dit is makke troch de 96-jierrige keunstskilderes Riek Milikowski-De Raat út Amsterdam. Se brocht har skilderij tiisdei persoanlik nei Feanwâlden, it berteplak fan Theun de Vries.

De skilderesse wie yn de oarloch lid fan de CPN, en dêrmei partijgenoate fan De Vries. Se wie ek aktyf yn it ferset en wie tsjûge fan de arrestaasje fan Theun de Vries troch de Landwacht Nederland.

De Vries neamde it skilderij earder ien fan syn moaiste ûnderskeidingen. Milikowski-De Raat soe it wurk earst skinke oan it Nederlands Letterkundig Museum yn Den Haach, mar fûn it passender dat it nei Feanwâlden gie. It keunstwurk is fan no ôf te besjen by de permaninte Theun de Vries tentoanstelling yn de Schierstins yn Feanwâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)