Húshâldlike help it goedkeapst yn Smellingerlân

Húshaldlike hulp yn Smellingerlân is it goedkeepste fan hiel Nederlân. Dat hat bliken dien út ûndersyk fan RTL Nieuws. Ynwenners fan dizze gemeente betelje foar trije oeren help €178. Yn de rest fan Fryslân is yn trochsneed €251, Ljouwert stiet op 266 euro.
Yn Fryslân is de gemeente It Amelân it djoerst mei €278 foar trije oeren. Lanlik is de gemeente Sluis yn Seelân it djoerst mei €305. Neffens wethâlder Jos van der Horst fan Smellingerlân is it in kwestje fan 'skerp ûnderhannelje' mei de soarchoanbieder.
Smellingerlân docht gjin konsesjes oan de kwaliteit, seit wethâlder Van der Horst. De gemeente krijt gjin of mar kwalik klachten oer de húshâldlike help. De gemeente sit der wol boppe-op, seit de wethâlder. De gemeente fynt betelbere húshâldlike help tige wichtich.