Nije fearboat nei Amelân "foldocht noch net oan de easken"

07 apr 2015 - 15:47
  • De Sier fart tusken Holwert en It Amelân

De presintaasje fan de fernijde fearboat Sier dy't woansdei op It Amelân plakfine soe, giet net troch. De fearboat is noch net klear. Sa sitte de banken der noch net yn, en ek de lampen moatte noch ophongen wurde. Neffens direkteur Ger van Langen fan rederij Wagenborg wie it gjin maklike beslissing om de presintaasje út te stellen.

It like der lang op dat de fertragings wol ynrûn wurde koene, mar tiisdei die bliken dat dat ten koste gean soe fan de kwaliteit fan it wurk. Wannear't de Sier no presintearre wurdt, is noch net dúdlik.

It wurk oan de fearboat sil yn elts gefal noch wol in wike duorje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)