Haven De Gordyk krijt kemperplakken

07 apr 2015 - 14:42

By passantehaven De Kalkovens op De Gordyk komme fjouwer kemperplakken. De gemeente Opsterlân is op it stuit dwaande om de haven te renovearjen. Der komt ûnder oare in toiletgebou. De stichting Passantenhaven Kalkovers Gorredijk sil it gebou eksploitearje. Tegearre mei de buertferiening hat de stichting de gemeente frege om ek kemperplakken te realisearjen.

De kempers meie der tenei op syn meast trije dagen achterinoar stean bliuwe.

Trefwurden: 
De Gordyk kemper Kalkovens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)