Lemster ûndernimmers protestearje by besite fan PS

07 apr 2015 - 13:08

In groep lilke ûndernimmers fan De Lemmer sil woansdei by in besite fan leden fan Provinsjale Steaten protestearje. Neffens de ûndernimmers wurde se troch de gemeente De Fryske Marren net genôch belutsen by it opknappen fan it Lemster sintrum. Se meitsjen harren ûnder oare soargen oer de nije winkelpannen dy't boud wurde, wylst der noch in soad winkelpannen leech stean.

Ek hawwe se beswier tsjin de parkearplakken dy't ferdwine sille. Se tinke dat dat net goed is foar de klandyzje.

It protest sil om fjouwer oere wêze op it Burgemeester Krijgerplein yn it wettersportplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)