Man ferwûne nei botsing mei beam yn Akkrum

07 apr 2015 - 09:59

In 33-jierrige man út Swolle is moandeitejûn ferwûne rekke by in botsing op Jinshuzen yn Akkrum. De man botste mei syn auto tsjin in beam. Hy ferklearre tsjinoer de plysje dat er útwike moast foar in tsjinlizzer. De plysje koe lykwols gjin spoar fan in oare auto fine.

De Swollenaar is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)