Harkemase Boys folle effektiver as Drachtster Boys: 5-0

06 apr 2015 - 17:47
  • Oebele Schokker hellet út
  • Klaas Schotanus mei de 4-0

Harkemase Boys hie it peaskemoandei net al te dreech tsjin Drachtster Boys. Op sportpark De Bosk wûn thúsploech Harkemase Boys mei 5-0. Oebele Schokker sette syn ploech yn de 18e minút mei in hiel fier skot mei stuit op foarsprong. Noch foar it skoft waard it 3-0 troch Joram Smits en in eigen doelpunt. Nei de tee spitigernôch gjin spanning mear. Klaas Schotanus mei in moaie poeier en Robin Huisman de Jong út in strafskop soargen foar de romme 5-0 einstân.

Harkemase Boys bliuwt yn it spoar fan koprinner DVS '33.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)