Johannes Rypma sjongt Green Day yn it Frysk op Aaipop

06 apr 2015 - 17:34

Sjonger-gitarist Johannes Rypma bringt op Aaipop yn it Frysk oersette nûmers fan de Amerikaanske rockband Green Day. Rypma is ien fan de artysten dy't op peaskemoandei spilet op it tradisjonele Aaipopfestival yn Nijlân dat dit jier foar de 28e kear hâlden wurdt. Piter Wilkens slút dizze Aaipop ôf.

De organisaasje rekkenet op 2000 oant 2500 besikers. Oan 'e ein fan de middei wie it gesellich drok en giene de bierkes der wol yn. Aaipop hat fan âldsher in grut reünygehalte. Guonts moetsje op it festival sels de leafde fan harren libben.

Aaipop is it grutste Frysktalige festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)