Stoomlabdei yn Woudagemaal op De Lemmer

06 apr 2015 - 15:46
  • Boartsje mei miniatuer-stoommasyntsjes yn it stoomlab fan it Woudagemaal
  • Stoommasine by it Woudagemaal op stoomlabdei

It Woudagemaal op 'e Lemmer is op peaskemoandei foar it tredde jier ta 'stoomlab' wurden. Nei ferwachting sille tusken de fiifhûndert en seishûndert belangstellenden op de stoomdei ôfkomme. Ferline jier wie der ek in soad animo. Doe kamen der fiifhûndert besikers.

De stoomlabdei stiet alhiel yn it ramt fan stoommasines. Bern en grutten kinne boartsje mei miniatuer-stoommasyntsjes. Dy meie se sels op stoom bringe mei oanmakblokjes. Bûtendoar stean in pear grutte stoommasines tge draaien en fansels is it gemaal ek te besjen, al draait dat net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)