Kampanje tsjin plestikôffal yn Lauwerseach úteinset

Yn Lauwerseach is op peaskemoandei de kampanje 'Wad about plastic' úteinset. Undernimmer fêstige oan de haven, omwenners, fiskers en natuerorganisaasjes organisearje dit jier tal van eveneminten wêrby't plestikôffal ynsammele wurdt.
De Grinslanner keunstner Maria Koijk makket dêr mei help fan besikers en skoallebern in grutte garnaal fan. De ûntbleating fan it keunstwurk is mids juny, op de Dei fan de Garnaal yn Lauwerseach.