Skoalbern wolle 'wrâld om fytse' yn 80 dagen

Om de Fryske skoalbern sa folle mooglik oan it fytsen te krijen, set tiisdei it projekt 'Rond de wereld in 80 dagen' útein. Sân skoallen út de provinsje dogge dêroan mei. Yn totaal 190 bern sille besykje yn sa min mooglik dagen 40.000 kilometer te fytsen. Yn in app kinne de bern harren kilometers byhâlde.
It offisjele begjin fan it projekt is tiisdeitemoarn by iepenbiere basisskoalle De Fûgelflecht yn Frjentsjer.