Bestjoerder auto ûngelok Wateren hie gjin rydbewiis

06 apr 2015 - 11:56

De 18-jierrige bestjoerder fan de auto dy't sneontenacht by it Drintske Wateren út de bocht fleach, hie gjin rydbewiis. By it ûngelok foelen twa deaden, wêrûnder de bestjoerder út Smilde en in 18-jierrige jonge út Appelskea. De twa oare ynsittenden fan de auto, in 17-jierrich famke en in 19-jierrige jonge beiden út Appelskea, rekken ferwûne.

De auto rekke op de Appelschasewei troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk, botste frontaal tsjin in beam en rekke yn de sleat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)