KNRM rêdt lekslein syljacht fan sânplaat by De Lemmer

06 apr 2015 - 11:03

Rêdingsboaten fan de KNRM fan De Lemmer hawwe sneon twa boaten wer flot lutsen dy't by de Steile Bank op in sânplaat oan 'e grûn sieten. It gie om in rubberboat en in sylboat. It syljachtsje mei twa folwoeksenen en twa bern oan board wie lekslein. De rêders hawwe in pomp nei it jacht brocht om foar te kommen dat it sinke soe. Dêrnei is it skip foar reparaasje nei in jachtwerf sleept.

De rubberboat koe sels wer fierder farre, nei't er loslutsen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)