Oanhâlden autobestjoerder naait út

06 apr 2015 - 10:45

De bestjoerder fan in stellen auto is peaskemoandeitemoarn útnaaid, nei't er yn Aldskoat troch de plysje oan de kant set wie. De auto, mei dêryn twa manlju, waard op de Marktwei oan de kant set. De bestjoerder joech in falske namme op en hy hie ek gjin rydbewiis. De man naaide út, mar de plysje wit om wa't it giet en sil him letter oanhâlde.

De byrider waard wol oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it trochferkeapjen fan stellen guod.

Trefwurden: 
Aldskoat oanhâlding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)