Plysje yn aksje foar bettere cao

06 apr 2015 - 07:58

De plysjefakbûnen fiere woansdei aksje foar in nije cao. Hûnderten plysjeminsken sille yn in optocht troch Den Haag rinne en minister Ard van der Steur fan justysje in lêste warskôging oerhandigje. As de minister net mei bettere foarstellen komt, dan komme de fakbûnen mei hurdere aksjes. Oant no ta wiene de aksjes ludyk.

Sa setten guon plysjes yn Fryslân yn maart harren sirenes in minút lang oan. Ek is de plysje weromhâldend mei it útdielen fan bekeurings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)