Streekbus fêst op betonblok Kealewei

06 apr 2015 - 07:56

In streekbus fan Qbuzz kaam sneintejûn fêst te sitten op in betonblok yn in bocht yn de Kealewei yn De Pein. De bus wie op wei nei Surhústerfean, mar moast omride fanwege wurk oan de dyk. Doe't de sjauffeur fan de Hofleane de Kealewei opride woe, bleau de bus fêstsitten. Der sieten gjin passazjiers yn de bus. De bus is troch in bergingsbedriuw loshelle en koe dêrnei wer fierder ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)