Goud foar Epke op rek by World Challenge Cup

© ANP
Epke Zonderland hat snein yn Ljubljana goud helle op de rekstôk. De Lemster liet yn de finale fan de World Challenge Cup de bêste oefening sjen, wat swierte en útfiering oanbelanget. De sjuery wurdearre dat mei 15,7 punten. Nicolas Cordoba út Argentinië waard twad en Bart Deurloo kleure it poadium yn Slovenië ekstra oranje mei syn tredde plak.
Op de brêge hie Epke gjin sukses, hy waard sânde. De Kolombiaan Jossimar Calvo wûn op dat tastel.