FNP en CDA: "Plan foar fytspaad by Ealahuzen te gefaarlik"

De plannen foar it fytspaad tusken Ealahuzen en Aldegea binne te gefaarlik. Dat fine de FNP en it CDA fan de gemeente De Fryske Marren. Yn de plannen moatte fytsers op fjouwer plakken de trochgeande dyk oerstekke.
Neffens FNP-riedslid Jan Volbeda moat der mear jild frijkomme foar de realisaasje fan it fytspaad, sadat de fytsers minder faak de dyk hoege oer te stekken. Yn de hjerst sil yn de gemeenteried praat wurde oer it fytspaad.