Gouden finylmiddei by Omrop Fryslân

05 apr 2015 - 13:17

Finyl stiet sneintemiddei sintraal by Omrop Fryslân radio. Op Peaskesnein fan 13.00 oant 18.00 oere wurde âlderwetske platen draaid op twa orizjinele diskodraaitafels. En gasten binne fan herte wolkom, as se fansels singletsjes út de jierren santich meinimme.

Spesjale gast is Wilfred de Jong, âld-DJ fan Radio Aquarius, Radio Caroline en Mi Amigo. Hy nimt syn finyl ek mei en foarsjocht it ynbrochte finyl fan saakkundich kommentaar.Kom nei de studio, nim ien of meardere singletsjes mei en se wurde draaid op Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)