Snitser follybalfroulju winne mei 3-0 en binne finalist

De follybalsters fan Snits pakten sneon in 3-0 oerwinning op Eurosped. Yn de Schuttersveldhal wûnen de Snitser froulju de earste set mei 25-16 en ek de twadde set waard mei 25-20 in proai foar de froulju fan trainster Petra Groenland. De tredde set gong rap op, mar nei in 8-3 foarsprong liet Snits de tsjinstanner dochs wer gefaarlik tichtby komme. By 12-11 rûn de thúsploech lykwols wer út nei in 25-17 setwinst.
Troch de oerwinning is Snits finalist om it lânskampioenskip. Tsjinstanner is itselde Eurosped yn in 'bêste fan fiif' searje.
De earste wedstriid is op snein 12 april yn Almelo.